Personiel Antoniussikehûs kin him fine yn reorganisaasje

20 apr 2015 - 15:05

Der is gjin ûnrêst ûnder de meiwurkers fan it Antoniussikehûs yn Snits oer de maatregel dat hûndert funksjes yn de organisaasje skrast wurde. It sikehûs moat 7 oan 10 miljoen euro besunigje, om't de kosten groeie, mar de ynkomsten omleech gean. Dat komt omdat pasjinten bygelyks koarter yn it sikehûs lizze.

Dat betsjut dat mear as hûndert meiwurkers oar wurk of dien krije. De meiwurkers krije begelieding om binnen as bûten it bedriuw in oare baan te finen. It sikehûs hat seishûndert fulltime arbeidsplakken. Der wurkje 1500 minsken.

De ûndernimmingsried kin him fine yn de plannen fan it bestjoer, seit foarsitter Paul ter Riet. Oer fjouwer wike wurde de útwurke plannen presintearre en dan wit eltsenien wêr't er oan ta is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)