Personeelsproblemen yn de soarch

15 nov 2001 - 00:00

By de Fryske kreamsoarch driigje takom jier grutte personeelsproblemen. Dat is de ferwachting fan ynterim-direkteur Wardekker fan thússoarch De Friese Wouden yn Drachten. Ferline jier wiene der ek problemen, mar dy koene oplost wurde troch in dei minder soarch te bieden.

De ynspeksje fan de sûnenssoarch konstatearre dat de soarch net optimaal is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)