Personeel Philips is lilk

12 nov 2003 - 00:00

Personeel fan Philips yn Drachten is lilk no't der op 'e nij minsken út moatte. Der ferdwine 50 arbeidsplakken op de ôfdieling dêr't de motoren foar de skearapparaten makke wurde. Earder waard bekend dat der foar 180 minsken útgean op de produksje-ôfdieling.

Boargemaster Van der Zaag fan Smellingerlân wol mei de direksje fan Philips om tafel om te sjen oft it ferdwinen fan arbeidsplakken echt needsaaklik is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)