Personeel Amels wol sosjaal plan

08 feb 2005 - 21:45

It personiel fan skipswerf Amels yn Makkum wol uterlik nije wike tiisdei dúdlikheid ha oer jild foar in sosjaal plan. Komt dy dúdlikheid der net, dan folgje mooglik aksjes. It personiel en de fakbûnen wolle de direksje twinge om de werf langer iepen te hâlden. Sa soe der romte komme om in oernamekandidaat te finen.

De direksje makke ferline wike bekend dat Amels yn Makkum tichtgiet. It wurk wurdt ferpleatst nei Vlissingen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)