Persoanlike coach populêr

23 feb 2009 - 20:26

Persoanlike coaches yn Fryslân krije it hieltiid drokker. Dat seit Leonard Bouwhuis fan Netwerk Coaching Friesland, in nij kollektyf foar coaches. Neffens Bouwhuis wolle minsken yn dizze ekonomyske krisis witte wat se wurdich binne en ha se ferlet fan wissichheid.

Net allinnich partikulieren skeakelje coaches yn, ek Fryske wurkjouwers biede harren persoaniel mear help en begelieding by it wurk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)