Persoan komt om it libben by ûngelok op N381

08 nov 2015 - 10:14

By in ûngelok op de N381 by Donkerbroek is ien persoan om it libben kommen. It ûngelok barde sneintemoarn flak foar tsienen. Der wienen twa auto's by belutsen. Twa oare persoanen binne slim ferwûne rekke. Plysje, brânwacht binne op it plak en ek de traumahelikopter is ynset. De N381 by Donkerbroek is ôfsletten foar alle ferkear.

UPDATE: De twa ferwûnen binne oerbrocht nei it sikehûs. De plysje docht ûndersyk nei hoe't it ûngelok barre koe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)