Persoan komt om it libben by ûngelok by Aldeholtwâlde

12 des 2015 - 17:50

De A32 rjochting Hearrenfean-Meppel is by Aldeholtwâlde om goed kertier oer fiven tichtgien yn ferbân mei in ûngelok. Neffens de plysje binne twa auto's op elkoar botst en binne se beide yn 'e brân flein. Fjouwer persoanen binne ferwûne rekke, wêrfan ien persoan slim ferwûne rekke is. De traumahelikopter is ek oproppen.

UPDATE: De plysje meldt op Twitter dat ien persoan by it ûngelok ferstoarn is.

De plysje melde tsjin seizen dat op de A7 by Hearrenfean ek in oanriding west hat. Ek dêr is in auto yn de brân flein. Dêr is dus ek oerlêst foar it ferkear.

Om healwei sânen melde de plysje dat by Hearrenfean noch in tredde oanriding wie. Twa auto's botsten op it klaverblêd. ​

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)