Permaninte útstalling Oerfal

03 apr 2014 - 20:40

Freed wurdt de permaninte útstalling oer de oerfal op de Blokhúspoarte iepene. It is dit jier santich jier lyn dat it ferset yn de Twadde Wrâldoarloch fyftich minsken út de Ljouwerter finzenis befrijde.

Stifting De Oerfal, Café de Bak en it Fersetsmuseum hawwe besletten in útstalling te meitsjen, dy't minsken wize moat op dit bysûndere stikje Ljouwerter skiednis. Op de útstalling binne ûnder oare de gesichten te sjen fan alle finzenen dy't befrijd waarden en de orizjinele tagongsdoar fan de Blokhúspoarte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)