Perken omlein fanwegen wyn

29 jul 2009 - 09:50
  • Tradisjoneel begjint de dei mei it sjongen fan it Frysk folksliet (foto: Dirk Jan Haarsma)
  • Noch mear tradysjes oan it begjin fan de dei (foto: Dirk Jan Haarsma)

De PC is woansdei wat letter begûn omdat de perken omlein wurde moasten. Om 6.00 oere wie de wedstriidkommisje fan betinken dat by it Bolwurk opslein wurde koe, mar by oankomst om 9.30 op it Sjûkelân die bliken dat de wyn wer draaid wie. De keatsers moatte yn de wyn opslaan, dat de perken binne wer omlein. Dat kin yn in lytse tsien minuten.

De wedstriid begjint mei de partoeren Rinia tsjin Ferwerda en Sjaarda tsjin Zijlstra.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)