Perioadetitel foar ONS

30 okt 2005 - 14:30

ONS út Snits hat sneon de earste perioade wûn fan de earste klasse C yn it sneonsfuotbal. De ploech spile thús yn in minne wedstriid mei 3-3 gelyk tsjin Flevo Boys. Dat wie genôch foar de perioadetitel. ONS wist trije kear werom te kommen fan in efterstân.

De oare Fryske haadklassers pakten gjin punten. Drachtser Boys ferlear mei 0-1 de wichtige degradaasjewedstriid tsjin WHC. Harkemase Boys ferlear yn Rijssen mei 1-0 fan Excelsior '31.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)