Peptalk foar gymnastyk-klups

30 nov 2011 - 07:18

Fyftjin gymklups út it noarden komme woansdei byelkoar yn Sint Nyk om mei te dwaan oan in masterclass ûnder lieding fan NOS-turnkommentator Hans van Zetten. Ut Fryslân dogge klups út Drachten, Surhústerfean, It Hearrenfean, Drylts, Dokkum en Snits mei. Sportklups hawwe it dreech. It is in hiele toer om genôch frijwilligers en trainers te finen en ek falt it net ta om it ledetal op peil te hâlden.

Van Zetten wol de klups dúdlik meitsje dat de gymklups mear mooglikheden hawwe as dat se sels tinke en witte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)