Pensjonearre dokter wer oan wurk

02 des 2001 - 00:00

Ferpleechhûs Ielânen yn Snits hat har âld-direkteur Schmidt werom frege as dokter. De 73-jierrige Schmidt wurke oant 13 jier ferlyn as direkteurgenêshear yn it ferpleechhûs. Hy wie sûnt 8 jier mei pensjoen.

Om't der in dokter siik is, is Schmidt frege tydlik yn te fallen. Troch it personielstekoart yn de sûnenssoarch komt dat wol faker foar.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)