Pensjon-oplichters yn Fryslân

29 jul 2006 - 10:42

Yn Fryslân binne op it stuit twa pensjon-oplichters aktyf. De ôfrûne wiken ha de twa ferskate kearen yn pensjons oernachte sûnder dêrfoar te beteljen. Dat barde yn Frjentsjer, Ferwert en Stynsgea.

It giet om in man (50) en in frou (40) sûnder fêst wen- of ferbliuwsplak. Neffens de plysje komme se hiel tasjitlik oer en besykje se mei in sneu ferhaal jild of in fyts te lienen. Dat is yn guon gefallen slagge.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)