Pensjoenprotest Friesland Bank

09 des 2013 - 12:25
  • Friesland Bank

De Rabobank moat de pensjoenferplichtings fan Friesland Bank-meiwurkers oernimme. De bank is dat lykwols net fan doel en dêrom komme de meiwurkers tiisdei mei in protestgearkomste. De wurknimmers fan de Friesland Bank wurde stipe troch de fakbûnen. Dy stelle dat de Rabobank him net koöperatyf opstelt en dat de bank syn ferantwurdlikheid nimme moat.

Lykas bekend hat de Rabobank de Friesland Bank oernommen. De Friesland Bank ferdwynt de kommende dagen definityf út it strjitbyld.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)