Penning fan fertsjinste foar Wander Blaauw fan Zorgpartners

19 jun 2015 - 17:37

Skiedend foarsitter Wander Blaauw fan de Ried fan Bestjoer fan Zorgpartners Friesland hat de penning fan fertsjinste krigen fan de gemeente Ljouwert. Blaauw krige de ûnderskieding út hannen fan boargemaster Ferd Crone omdat er salang as er yn de Fryske soarchsektor wurke hat, de posysje fan Ljouwert ferstevige hat, yn ekonomyske en maatkiplike sin. Blaauw spile ek in wichtige rol by de fúzje fan de trije Ljouwerter sikehuzen ta Medysk Sintrum Ljouwert.

Blaauw nimt freed nei 38 jier yn de soarch ôfskied.

Yn syn ferhaal stie Crone ek noch even stil by de diskusje oer it lean fan Blaauw, dy't de lêste jierren ien fan de bêst fertsjinjende soarchbestjoerders fan Nederlân wie en ek mear fertsjinne as de Balkenende-noarm. Dêrtroch krigen de fertsjinsten fan Blaauw foar de Fryske sûnenssoarch minder omtinken. Crone fynt dat lêste net terjochte. Hy fynt dat Blaauw yn ferskate funksjes by it MCL en Zorgpartners Friesland treflik wurk levere hat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)