Penjumers binne skokt troch bernepornosaak

26 nov 2015 - 15:55
  • Hjir wennen de Penjumers dy't feroardiele binne foar de bernepornosaak.

De ynwenners fan Penjum binne der bot mei oan. It doarp stiet ynienen op 'e kaart troch in grutte ynternasjonale bernepornosaak. Twa manju út Penjum binne der yntusken foar feroardiele en dêr moat it mar mei dien wêze, fine de doarpsbewenners.

Der wenje 600 minsken yn Penjum. In soad ynwenners wurkje bûten Fryslân. De twa manlju fan de bernepornosaak wennen hjir njonken inoar. It duo foel net op. De iene man krige fiif jier sel en tbs. Syn buorman fan 61 fiif jier sel.

Yn de hiele wrâld binne mei-inoar 300 minsken oppakt foar dizze bernepornosaak. Yn Nederlân wiene dat der fiif, twa dêrfan wennen yn Penjum. It doarp wol der leaver neat mei te krijen hawwe, want it is fansels net goed foar de namme fan it doarp.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)