Penjum sammelet guod yn

28 jan 2001 - 15:41

Yn Penjum wurdt guod ynsammele foar de famylje Duindam. De famylje ferlear tongersdei in grut part fan de besittings by in brân yn harren pleats.

Doarpsbelang Penjum hat no by alle ynwenners in formulier rûnbrocht, dêr't se op oanjaan kinne hokker guod se hawwe foar de Duindams. It guod is foar de tydlike wenromte yn Penjum. Doel is dat de pleats wer opboud wurdt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)