Pendelbus rydt mooglik faker

04 jan 2002 - 00:00

De pendelbus dy't yn Ljouwert fan it FEC nei de binnenstêd rydt, wurdt ynkoarten mooglik alle dagen ynset. No bart dat allinnich op sneon. Der kin dan fergees parkeard wurde by it FEC. De lêste tiid lûkt de bus soms mear as 1000 minsken.

De gemeente oerwaget de bus alle dagen ride te litten en mooglik ek op oare trajekten. Kantoarmeiwurkers kinne der dan ek gebrûk fan meitsje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)