Pendelbus as Jong Oranje wint

22 jun 2007 - 17:13
  • As Jong Oranje sneon it EK wint, wurdt Foppe huldige

Foppe de Haan wurdt huldige as Jong Oranje sneon it EK ûnder de 21 wint. UEFA-sponsor Unilever sil in spesjale pendeltsjinst mei oranje bussen ride litte tusken it berteplak fan Foppe, Lippenhuzen, en it plak fan de huldiging op It Hearrenfean. De sponsor wol graach alle 1300 ynwenners fan Lippenhuzen de bus yn krije.

Jong Oranje spilet de finale fan it EK tsjin Jong Servië yn Grins. By winst sil de huldiging snein plakfine.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)