Pelote: Wommels leit der út

19 jun 2010 - 11:44
  • Skearnegoutum yn aksje tsjin Wommels

Yn 'e earste omloop fan it Frysk Kampioenskip Jeu de Pelote ferlear Wommels freedtejûn fan Skearnegoutum. Wommels besocht noch wol wat werom te dwaan, neidat Skearnegoutum de lieding naam, mar kaam dochs te koart. Skearnegoutum wûn mei 8-4.

Spannum wûn mei 8-3 fan Lollum-Waaksens. Skearnegoutum en Spannum treffe we inoar no tiisdeitejûn yn de twadde omloop. Op deselde jûn wurdt earst de wedstriid fan Easterein tsjin Easterlittens ôfwurke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)