Pelikaantsjerke wiis mei advys

22 jan 2013 - 13:52
  • De preekstoel yn de Open Hof yn Ljouwert

De tsjerkeried fan de Pelikaantsjerke yn Ljouwert reagearret bliid op it moandei presintearre advys fan de PKN Nederlân. Fan it generaal kolleezje foar de fisitaasje fan de PKN krijt de Pelikaangemeente in hiel jier de tiid om te ûndersykjen oft sy tegearre mei de Koepeltsjerke in selsstannige 'PeliKoepelgemeente' foarmje kinne.

De nije gemeente moat oantoane dat der foldwaande draachflak is foar sa'n gemeente. Foarsitter Hoekstra fan de tsjerkeried foar de Pelikaangemeente tinkt dat dat draachflak der wol is.

Hy is bliid dat de lanlike PKN de Pelikaan- en Koepelgemeente de kâns jout om 'fan ûnderen op' in nije tsjerklike gemeente te foarmjen. Neffens de plannen fan de PKN Ljouwert soene de Pelikaan- en Koepelgemeente dit jier fusearje moatte mei de Open Hof. De Pelikaangemeente en de Koepelgemeente binne hjir op tsjin, benammen omdat de oerkoepeljende tsjerke yn Ljouwert har tsjerkegebouwen slute wol. It beslút om dy twa tsjerkegebouwen te sluten giet gewoan troch, sa seit foarsitter Drewel fan de oerkoepeljende tsjerkeried.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)