Pelikaan sjoen yn Hylpen

06 jan 2006 - 11:24

De pelikaan dy't tongersdei sjoen is yn Hylpen en op it Heidenskip komt nei alle gedachten út bistetún Artis yn Amsterdam. De fûgel is dêr yn oktober ferdwûn. Tongersdei krige de Fûgelhelling yn Oerterp ferskate meldings oer de pelikaan.

Omdat de fûgel net goed foar himsels soargje kin yn de winterperioade hopet de Fûgelhelling dat er fongen wurde kin foardat de kjeld echt taslacht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)