Peijnenburg mei útwreidzje

25 maaie 2010 - 17:29

Koekefabryk Peijnenburg yn Sint Jânsgea mei útwreidzje fan 'e gemeente. It fabryk moat 1500 kante meter grutter wurde omdat de fraach nei koekerepen bot tanaam is.

It fabryk wol de kommende jierren de helte mear produsearje. Ferline jier is in boufergunning foar de útwreiding by de gemeente oanfrege. In groep omwenners tekene beswier oan, omdat sy al jierrenlang oerlêst hawwe fan it fabryk. Yn 'e nije oanfraach is rekken hâlden mei de beswieren.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)