Peijnenburg krijt der banen by

25 nov 2011 - 10:00

Koekefabryk Peijnenburg yn Sint Jânsgea krijt der santjin meiwurkers by. Boppedat wurde der miljoenen ynvestearre yn it fabryk. Dat sil him yn de takomst mear talizze op lúkse koeke, lykas de Snelle Jelle en de Wieger Krûdkoeke.

Lotus Bakeries, dêr't Peijnenburg ûnder falt, is dwaande mei in grutte reorganisaasje. De direksje wol in âldere fabryk yn Geldrop slute. De meiwurkers komme te wurkjen yn de twa oare fabriken fan it bedriuw. Sint Jânsgea is dêr ien fan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)