Peije Rasp werom yn Drachten

09 feb 2009 - 16:04
  • Fan tiisdei ôf stiet Peije wer te plak yn Drachten

It byld fan strjitmuzikant Peije_Rasp komt tiisdei werom op syn âlde plak by it kariljon fan Drachten. It byld waard ein ferline jier út it wurkplak fan de gemeente stellen, dêr ´t it stie foar restauraasje. Op Nijiersdei dûkte it byld op by de Folgeren as trofee fan de âldjiersferiening.

Tiisdei wurdt it brûnzen mantsje mei de trekharmoanika werompleatst op it plak dêr it heart. Wethâlder Fred_Veenstra sil de restaurearre Peije ûntbleatsje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)