Peddeler is yn de Súdwesthoeke

04 jan 2013 - 16:03
  • Supper Van Overbeek op de Sleattemermar
  • Peddelje troch de stêd Sleat

Stand-up-peddeler Jasper van Overbeek fan Swolle is al in moai ein ûnderweis om de Alvestêdetocht yn ien kear ôf te lizzen. Van Overbeek is freedtemoarn yn Ljouwert oan de tocht begûn. Hy docht dat op in soarte fan surfplanke mei in peddel.

Der is al in saneamde SUP-alvestêdetocht, mar dy giet yn etappes. Overbeek is fan doel de tocht yn 35 oant 40 oeren yn ien kear út te peddeljen. Healwei de freed lei Jasper Overbeek noch wat achter op skema en stie hy op it punt om de Sleattemermar oer te stekken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)