Pechtold yn bestjoer Belvedêre

30 nov 2010 - 11:10

Alexander Pechtold wurdt bestjoerslid fan museum Belvedêre yn Oranjewâld. De direksje fan it museum hat de fraksjelieder fan D66 frege fanwege syn ferline yn 'e keunstwrâld. Foar't er de polityk yngie, wie Pechtold ûnder oare feilingmaster.

Pechtold hie in pear wike lyn op besite west yn it museum. Neffens in wurdfierder wie er tige entûsjast oer it museum foar moderne keunst. Tongersdei hat Pechtold syn earste bestjoersgearkomste fan it museum.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)