Pechtold wol fúzje provinsjes

19 okt 2014 - 12:23
  • Alexander Pechtold

D66-lieder Alexander Pechtold wol dat it kabinet dochs wurk makket fan de fúzje fan de provinsjes. Hy sei dat snein yn it programma 'WNL op zondag'. It tal gemeenten en wetterskippen moat ek minder, fynt Pechtold. Mei it jild dat dat opsmyt, soenen de belestings ferlege wurde kinne.

Yn it plan fan minister Plasterk fan ynlânske saken stie dat der fiifs lânsdielen yn Nederlân komme moatte. Neffens Pechtold is dy fúzje op neat útrûn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)