Pechstein wint 5000 meter op wrâldbekertoernoai yn Seoul

21 nov 2014 - 08:38
  • Yvonne Nauta

De Dútse Claudia Pechstein hat freed by it wrâldbekertoernoai yn Seoul de 5000 meter wûn. De 42-jierrige reedrydster pakte goud mei in tiid fan 7.07,77. Martina Sábliková út Tsjechië waard twadde yn 7.13,08, de Kanadese Ivanie Blondin tredde mei 7.14,53. Yvonne Nauta waard sechsde mei in tiid fan 7.22,61. Ireen Wüst en Carien Kleibeuker fan It Hearrenfean diene net mei.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)