Pechpizzeria wer iepen

11 jan 2010 - 16:41

Pizzeria Paolo fan It Hearrenfean iepent dizze wike nei in heal jier wer de doarren. De saak is wer opknapt nei de brân fan ôfrûne simmer. Kafee It Houtsje dernjonken baarnde oan 'e grûn ta ôf. De pizzeria hie in soad skea. De klap kaam ekstra hurd oan om't de saak krekt opknapt wie.

Wylst it Italiaanske restaurant hielendal fernijd is, moat de nijbou fan It Houtsje noch begjinne. It kafee wie ferneamd by reedrydfans. De reedrydparafernalia dêr binne opbaarnd.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)