Pech foar Poppenwier

09 jan 2009 - 20:12

Poppenwier moat it sûnder de fertroude koek-en-sopytinte dwaan. Dy stie de ôfrûne tolve jier yn in loads en is troch de eigner oprêden en ferbaarnd. Dit is in strop foar it doarp, omdat de opbringst fan de tinte brûkt waard foar it doarpshûs.

Sneon wurde der wedstriden yn it doarp ferriden en dat bestjut dat der wat de poeiermolke oanbelanget kreatyf wurke wurde moat. It is noch net wis oft der in nije tinte komt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)