Peazumer skipper omkaam

11 jul 2008 - 09:51

In frachtskipper út Peazens is omkommen by in needlottich ûngelok yn België. De 57-jierrige Jan Prins wie oan it lossen yn 'e haven fan Wielsbeke by Gent. Hy waard pakt troch de griper fan in loskraan doe't er yn it rom dwaande wie houtsnippers byinoar te feien.

Prins fear tegearre mei syn frou foar it befrachtingskantoar Overmeer yn Amsterdam. It ûngelok wie ferline wike freed. Prins is tongersdei te hôf brocht yn Peazens.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)