Peasketrein ek yn Fryslân

14 mrt 2007 - 23:11

Fiif Fryske tsjerken dogge mei oan in spesjale publisiteitskampanje foar Peaske: yn Snits, Boalsert, Stiens, Haskerhoarne en Hallum. De tsjerken heakje oan by in lanlike aksje mei posters op treinstasjons.

Dêrop wurdt de wike foar Peaske foarsteld as in firtuele treinreis mei as tuskenstasjons Wite Tongersdei, Goedfreed en Stille Sneon. Minsken wurde útnoege om sabeare yn de trein te stappen en nei tsjerke te gean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)