Peasketoeristen bliuwe thús

21 mrt 2008 - 12:08
  • De autocross fan Wolsum giet net troch fanwege it wiete terrein
  • Direkteur Paul van Gessel fan toerismeorganisaasje Fryslân Marketing

De toeristyske sektor yn Fryslân hâldt rekken mei de helte minder omset as ferline jier troch it minne waar. By campings en boatferhierders is it hiel rêstich. Húskeparken en hotels hawwe wol aardich wat besikers. Dy boekings komme faak earder, seit direkteur Van Gessel fan Fryslân Marketing.

By attraksjeparken lykas Aquazoo yn Ljouwert en Kameleondoarp Terherne is it nei alle gedachten ek minder drok mei de Peaskedagen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)