Peaskestoarm: net in soad skea, wol in brúnfisk oanspield

28 mrt 2016 - 19:13
  • Omfallen steger

Der binne yn Fryslân gjin ûngelokken feroarsake troch de hurde wyn. Utsein yn Frjentsjer, dêr soarge de wyn foar in ravaazje doe't in bousteger omwaaide. De steger kaam op in parkearde auto telâne, dy't swier skansearre rekke.

De stoarm wie yn de rin fan de middei oer it hichtepunt hinne. Op Flylân waard de swierste wynstjit metten, mei in snelheid fan 113 kilometer yn de oere. Op it eilân spielde troch de stoarm ek noch in brúnfisk oan. Der waard besocht om it bist te helpen, mar foardat de ambulânse fuortride koe ferstoar de walfisk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)