Peaskepakketten foar âlderein

27 mrt 2007 - 17:14

Bern fan basisskoalle Oldenije oan de Levissonstrjitte yn Ljouwert meitsje freed fiifhûndert peaskepaketten. Bewenners fan wyksoarchsintrum Het Nieuwe Hoek yn Ljouwert sil de bern dêrby helpe. De pakketten binne foar de âlderein yn Het_Nieuwe_Hoek, Sint Jozef en De Hofwijck yn Ljouwert.

De aksje wurdt rûnom yn Nederlân hâlden. It Nationaal Fonds Ouderenhulp en de Riki Stichting hawwe de peaskeaksje op tou set.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)