Peaskefjoer yn Aldeberkeap

09 apr 2012 - 08:14

In peaskefjoer yn Aldeberkeap hat sneintejûn hûnderten belangstellenden lutsen. De bulte waard om acht oere oanstutsen troch bern fan de pleatslike basisskoalle. It fjoer is in inisjatyf fan âldjiersferiening De Geitefok. De bulte wie sa'n tolve meter heech.

It wie foar it earst sûnt 2007 dat der wer in peaskefjoer baarnde yn Aldeberkeap. Ferline jier wie it troch droechte noch te gefaarlik. Dit jier skeelde it net folle of de bulte wie yn febrewaris al ôfbaarnd. Doe waard er oanstutsen troch jongeren.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)