Peaskefjoer smyt 500 euro op

12 apr 2004 - 00:00

Aldjiersklup Vesuvius út Elslo hat mei it grutste peaskefjoer dat it doarp ea hân hat, sa'n 500 euro ophelle foar in natuerpaad foar hendikepten yn it Drents Friese Woldt.

De Vesuviusklup stie earder foar de rjochter om't se as âldjiersstunt it byld fan Rinus Michels ûntfierd hiene út Zeist. De rjochter lei doe in straf op betingst op. Hy joech boppedat as tip mei om ris wat jild yn te sammeljen foar in goed doel.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)