Peaskedrokte yn supermerken

07 apr 2012 - 12:00
  • Peaske-aaien

Fryske supermerken hawwe it drok mei minsken dy't boadskippen dogge foar de peaskedagen. Konsuminten lykje mei de peaskedagen de hân net op de knip te hâlden, alteast sa meldt deiblêd De Telegraaf. Wat iten en drinken oanbelanget soe it de kant fan de krystdagen útgean. De minsken jouwe hieltyd mear út foar boadskippen foar de feestdagen.

De winkels besykje mear omset te krijen troch it assortimint oan te passen oan de kommende peaskedagen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)