Peaskebulten heger as oars

12 apr 2014 - 11:42
  • Opbou peaskebult yn Aldeholtpea
  • Peaskebult heger as oare jierren

Peaskebulten wurde dit jier heger as oare jierren. Minsken hawwe fanwege it mylde waar al betiid yn de tún oan it wurk west en it snoei-ôffal bringe se nei de peaskebult. De stoarmskea fan ôfrûne hjerst en winter hat ek foar in soad ekstra hout soarge.

De bulten gean op peaskesnein yn de brân. Benammen yn it súdeasten fan de provinsje binne de brânbulten tradysje. Hûnderten minsken komme ôf op de fjoeren.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)