Peaskebult mei bewaking

07 apr 2012 - 14:09

De peaskebult fan Aldeberkeap stiet dei en nacht ûnder bewaking. Organisator âldjiersferiening De Geitefok wol net dat er foartidich yn 'e brân giet. De bult yn Aldeberkeap is 12 meter heech. Dat hie heger wêze kinnen, mar yn febrewaris is in part fan de bulte yn de brân flein. Ferline jier gie it peaskefjoer ek al net troch, doe fanwege de droechte.

De heechste peaskebult fan Nederlân stiet yn it Oeriselske Espelo. Dy is mar leafst 45 meter heech. Op de jûn fan peaskesnein giet de brân yn alle bulten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)