Peaske-aktiviteiten gean oer

16 apr 2001 - 00:00

De tongblierkrisis hie Peaskemoandei ek syn wjerslach op de eveneminten yn de provinsje. Ut benaudens foar besmetting giene in protte aktiviteiten oer. Sa wie it stil yn Nijlân, dêr't oars it tradisjonele Aaipopfestival is.

Dêr't de doarren wol iepen giene, wie it smoardrok. De meubelbûlevards hiene oer belangstelling net te kleien. Ek op de rommelmerken wiene in protte minsken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)