Pear hûndert dielnimmers oan festival yn De Alde Feanen

25 maaie 2015 - 21:38

Yn Nasjonaal Park De Alde Feanen hawwe dit pinksterwykein in pear 100 minsken meidien oan Fête de la Nature, in festival wêrby't minsken de natuer opsykje en dêr wille oan belibje. Bygelyks troch mei te dwaan oan in kuier- of syltocht. Bern koenen dêr ûnder oare ek pankoekbakke.

De aktiviteiten binne organisearre troch 26 lokale bedriuwen en organisaasjes. De inisjatyfnimmers hawwe sokke positive reaksjes krigen fan dielnimmers, dat se takom jier wer meidogge oan Fête de la Nature. It festival is in lanlik inisjatyf

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)