Pear hûndert besikers by 1e nijjierskonsert Fries Museum

04 jan 2015 - 12:54

It Wachtkamerorkest fan Ljouwert hat snein in nijjierskonsert jûn yn it Fries Museum yn Ljouwert. Yn de hal spile it orkest stikken fan ûnder oare Bach. It is de earste kear dat der yn de hal in nijjierskonsert hâlden wurdt. Dirigint Nynke Jaarsma hopet dat it in nije tradysje wurdt.

It konsert wie fergees en duorre in oere. It luts in pear hûndert besikers.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)