Pear dagen fergees parkeare yn Frjentsjer

30 apr 2015 - 14:23

Ynwenners en besikers fan Frjentsjer kinne nije wike woansdei en tongersdei twa dagen fergees parkearje yn dy stêd. De gemeente ferfangt op dy dagen de parkearautomaten. Der kin dan tenei allinnich noch mei in bankpas betelle wurde. No giet dat noch mei muntjild, mar dizze automaten binne ferâldere en gefoelich foar stellerij en oplichterij.

Om minsken wenne te litten oan de nije betelmetoade lit Frjentsjerteradiel it earste healjier noch twa automaten stean dêr't noch wol mei muntjild betelle wurde kin.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)