Pear is 70 jier troud

03 feb 2004 - 00:00

Klaas en Jeltsje Kooistra ha tiisdei feest fierd. Se wienen santich jier troud. Mar ien op de 44.000 houliken hâldt sa lang stân. It geheim fan it houlik fan Klaas (97 jier) en Jeltsje (96 jier) út Wytmarsum is fertrouwen, ferjaan en earlik wêze. Se ha fjouwer bern en santjin bernsbern.

Yn fersoargingshûs Aylvastate wie der feest. De boargemaster kaam del en keninginne Beatrix hie in brief en in taart stjoerd.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)