Pealtsjes tsjin slûpferkear

30 nov 2005 - 17:35

De gemeente It Hearrenfean wol it sintrum ôfslute mei pealtsjes. Se kinne út de grûn wei opklapt wurde om it ferkear tsjin te hâlden. No skeine bestjoerders faak it ynriidferbod en boetes jaan helpt net. By befoariedingsferkear kinne de pealtsjes wer de grûn ynklapt wurde.

It plan fan it kolleezje moat noch troch de ynspraakprosedueres. Begjin takom jier hopet de gemeente de ynklappealtsjes opstelle te kinnen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)