Pealtsjes dogge it wer

30 jan 2007 - 22:48

De romrofte pealtsjes op it Ruterskertier yn Ljouwert geane yn de rin fan woansdeitemoarn wer omheech.

De pealtsjes wiene freed stikken rekke omt der twa auto's op hingjen bleaun wiene. Bussjofeurs kinne de pealtsjes betsjinje, sadat de bus noch wol oer it Ruterskertier ride kin. Autoriders hawwe fergees besocht troch hurd efter de bus oan te riden ek troch te riden, mei in soad skea. De pealtsjes binne no wer makke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)