Peallen net wer op aginda

13 jun 2006 - 10:57

De peallen op de Breedeplaats yn Frjentsjer komme net wer oan de oarder yn de gemeenteried. De peallen soargje foar twaspjalt om't se sa heech en breed binne. Se binne bedoeld om by feesten mei in tinte in oerkaping te foarmjen.

Seis organisaasjes woene op 'e nij yn de ried oer de peallen prate, en ha yn febrewaris hantekens oanbean. Mar gjin inkeld riedslid hat dêrnei aksje ûndernommen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)