'Peallen moatte fuort'

14 feb 2006 - 13:40

De measte Frjentsjerters wolle de peallen op de Breedeplaats yn de stêd fuort hawwe. Dat docht bliken út in hantekenaksje. Der binne goed 2400 reaksjes kommen. Mear as 90% wol dat de saak opromme wurde.

Tusken de izeren peallen kin in tinte spand wurde, mar dat bart mar in pear kear yn 't jier. De peallen bliuwe lykwols stean en dat stekt in protte minsken. De útkomst fan de enkête wurdt tongersdei oanbean oan 'e ried.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)